Dashboardkamera's suksesfol

18 sep 2013 - 09:50
  • dashboardkamera plysje

It projekt mei dashboardkamera's fan de plysje is suksesfol. Goed 100 bestjoerders ha de lêste twa moannen har eigen rydgedrach op de A7 besjen kinnen nei't de plysje dy bestjoerders filme hie. Op dizze wize konfrontearret de plysje har mei har eigen asosjale rydgedrach. Dat is benammen bedoeld as foarljochting om't guon bestjoerders har der net bewust fan binne dat har rydgedrach ûnfeilich is. De plysje hat ek wol boetes útskreaun foar it net oanjaan fan rjochting by it wikseljen fan rydstrook, te rap ride en te ticht op de oar ride.

De measte automobilisten reagearje posityf op de dashboardkamerabylden. In seleksje dêrfan komt op YouTube.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)