KNRM en Noordgat útinoar

De Koninklijke Nederlandse Reddings Maatschappij, de KNRM, hat it konvenant út 1998 mei sleep- en bergingsbedriuw Rederij Noordgat fan Skylge opsein. Meiwurkers fan de KNRM soene yntimidearre wurde troch minsken fan Noordgat. Fierder soe der in fijannige hâlding wêze fan it bedriuw en soe der sprake wêze ûnparlemintêr taalgebrûk. Noordgat soe him neffens de KNRM ek net hâlde oan respekt-ôfspraken. Noordgat wol de saak earst bestudearje en komt woansdei mei in reaksje.
It bedriuw wie ûnder oaren belutsen by rêding fan de bultrêch Johanna yn desimber foarrich jier en in potfisk yn july dit jier by Skylge.