Nij enerzjybedriuw krijt 4 ton

17 sep 2013 - 19:20

De trije noardlike provinsjes stypje de oprjochting fan in noardlik koöperatyf duorsum enerzjybedriuw mei in bedrach fan fjouwer ton. It giet om de NLD, Noordelijk Lokaal Duurzaam. Dit is in nij enerzjy leveringsbedriuw dat oprjochte is troch de bedriuwen de Drentse Kei, de Enerzjy Koöperaasje Fryslân en de Groninger Energie Koepel. De NLD levert aanst allinnich duorsume enerzjy. It is de bedoeling dat dizze enerzjy safolle mooglik yn de eigen regio wûn wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)