Sotsji-test foar bobber Jansma

17 sep 2013 - 15:15
  • Sybren Jansma

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein besiket him te pleatsen foar de dielname oan de Olympyske Winterspelen yn it Russyske Sotsji. Hy wol útkomme yn it Nederlânske team fan Edwin van Calker. Jansma is mei direkte kollega Jeroen Piek yn it Dútske Oberhof dwaande mei kwalifikaasjetests.

Der binne njonken Jansma en Piek noch tsien oare bobbers dy't harren besykje te kwalifisearjen. De trije dy't as bêste út de bus komme, meie mei. Se komme dan mei Edwin van Calker op de fjouwermansbobslide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)