Dronken yn stellen auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitemoarn in 55-jierrige man út Ingwierrum oanhâlden foar stellerij en dronken riden. De man waard oanhâlden op It Hearrenfean. Hy wie dronken, sa die bliken. De auto wie dyselde moarn stellen yn Ljouwert. Boppedat wie de auto sjoen by in benzinestasjon yn Akkrum, dêr't de man fuortriden wie sûnder te beteljen.
Op it plysjeburo die ek noch bliken dat it rydbewiis fan de man ûnjildich ferklearre wie. De Ingwierrumer sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.