Doeksen ûntkent 'jojo-ynset'

17 sep 2013 - 14:03
  • Sneltsjinst Rederij Doeksen

Rederij Doeksen ûntkent dat it wurknimmers as 'in jojo' ynset, sa't de fakbûnen sizze. Der wurde jierroasters makke, sadat it personiel oant 1 oktober takom jier wit wêr't it oan ta is, seit direkteur Melles. Doeksen hat de fakbûnen oanbean om it roaster yn oerlis te meitsjen.

FNV en CNV hawwe Doeksen út namme fan de wurknimmers in ultimatum steld. Se wolle foar 19 septimber 12 oere nachts wissigens oer de wurktiden en oanpassings yn de tsjinstregeling. Komt dy der net, dan folgje aksjes. Doeksen freget wol fleksibiliteit fan it personiel.

Troch de konkurrinsje mei de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) draait Doeksen mei ferlies. De rederij wol skrasse yn de tsjinstregeling. De ûnrendabele oertochten soene fan 1 novimber ôf ûnbetelber wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)