Jemeniten oanhâlden op A6

17 sep 2013 - 12:18
  • Plysje-embleem

Op de A6 by Beetstersweach binne moandeitemiddei twa manlju út Jemen oanhâlden. Se soene pepperspray stellen en trochferkocht hawwe. In tsjûge hie sjoen dat de manlju harren fertocht gedroegen by in bedriuw oan de Beetsterwei en it sinjalemint oan de plysje trochbelle. De plysje fûn yn harren auto ferfalske en stellen identiteitsbewizen, en ek pepperspray.

De beide Jemeniten binne oanhâlden. Harren auto is yn beslach naam. Ien fan de manlju moast noch 55 dagen sitte, sa die bliken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)