Ventura Boalsert wreidet út

26 jan 2012 - 12:07

Ventura Systems út Boalsert ynvestearret 3.5 miljoen yn in nij bedriuwspân op yndustrieterrein De Marne by Boalsert. It bedriuw makket doarsystemen foar bussen, trams en metro's oer de hiele wrâld. Der wurkje op dit stuit 80 meiwurkers by Ventura Systems. Direkteur Jeroen de Nooijer wol ynvestearje en ynnovearje om de tanimmende konkurrinsje oan te kinnen. Oft op termyn ek mear minsken oannommen wurde kinne, hinget ôf fan de ekonomy.

It bedriuw bestiet al sûnt 1994 en hat no ek al in festiging yn Boalsert.

Trefwurden: 
Boalsert Ventura Systems
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)