'Fleanbasis yn hert troffen'

17 sep 2013 - 11:24
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

De besunigings dy't yn de troanrede oankundige wurde, sille de fleanbasis Ljouwert yn it hert treffe, neffens kommissaris fan de kening Jorritsma. Wat krekt sein wurde sil, wol er noch net kwyt, mar it is neffens him al wol dúdlik dat nije besunigings de fleanbasis yn Ljouwert hurd reitsje sille. De kommissaris is ferline wike bypraat troch de Kommandant fan de Striidkrêften en minister Hennis-Plasschaert fan Definsje.

It regear makket op Prinsjesdei de nije plannen bekend. De nije begrutting wurdt dan ek presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)