Klimtoer op skoalplein

17 sep 2013 - 10:34

Alve basisskoallen yn Súdwest-Fryslân dogge fan 'e wike mei oan de skoalklimkompetysje fan de Nederlânske Klim- en Bergsportvereniging. Dat is in wedstriid fan fiif wiken wêryn't alle wiken skoallen yn in oare stêd of gemeente oandien wurde.

De feriening set op it skoalplein in mobile klimtoer op. De bern út de heechste groepen meitsje út wa't de bêste klimmer fan de skoalle is. Dy gean troch nei in regionale finale. Yn novimber is dan de lanlike finale yn Nieuwegein..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)