Oanskaf 37 JSF's definityf

17 sep 2013 - 08:31

It kabinet hat besletten 37 JSF-tastellen oan te skaffen. Dat hawwe boarnen yn Den Haag tiisdeitemoarn befêstige nei berjochtjouwing yn De Telegraaf. De Joint Strike Fighter is de opfolger fan de F-16. It beslút wurdt tiisdeitemiddei offisjeel bekend makke.

De kar foar de JSF leit gefoelich by de achterban fan koalysjepartner PvdA. De Twadde Keamer en de Earste Keamer moatte noch ynstimme mei it beslút. Nederlân docht sûnt 2002 mei oan de ûntwikkeling fan de JSF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)