Petear oer stjoermachtiging

Wethâlder Isabelle Diks moat sa gau mooglik om 'e tafel mei de twa partijen dy't stride om de stjoermachtiging fan de Ljouwerter omrop Mercurius. Dat is de winsk fan de gemeenteried. De machtiging rint op 28 oktober ôf. Njonken Mercurius sels hat ek it inisjatyf LEO in plan betocht foar in lokale omrop.
Neffens de ried sitte yn beide inisjativen goede punten. It soe in goede saak wêze as de beide partijen ta inoar komme kinne. Dat slagge earder net.