Ynspeksje: Brânwacht faak let

Neffens ûndersyk fan de ynspeksje feiligens en justysje kin de Fryske brânwacht mar yn in lytse 20 persint fan de gefallen op 'e tiid komme by in brân. Dat is in hiel oar sifer as de 58 prosint dat yn it eardere rapport Ter Plaatse! neamd wie. Yn dat lêste rapport waarden allinnich de feitlike útrukken metten, wylst de ynspeksje no de oanriidtiiden fan alle wenten, gebouwen en bedriuwen yn Fryslân trochrekkene hat.
De Fryske brânwacht nimt foarearst noch gjin maatregels en wachtet in grutter ûndersyk ôf mei dêryn ek saken lykas previnsje.