Fertochten Kollum langer fêst

© Jan Beets
In heit en soan út Gerkeskleaster bliuwe langer fêstsitten foar de swiere mishanneling fan in plysjeman, ôfrûn wykein yn Kollum. De 41-jierrige heit moat noch 7 dagen sitte, syn 17-jierrige soan noch 14 dagen. De soan wurdt fertocht fan it besykjen fan it tabringen fan swier lichaamlik letsel. De heit wurdt fertocht fan iepenlik geweld en mislediging.
By in rûzje sneontenacht yn Kollum waard de plysje sa hurd op de holle slein dat er bûten westen rekke.
It opskuor begûn mei in bekeuring fanwege it drinken fan alkohol op strjitte. In groep dy't út in kafee kaam bemuoide him dermei, wernei it hielendal út de hân rûn.