Grut priisferskil toskedokters
Toskedokters meie sûnt 1 jannewaris sels har prizen fêststelle. Ut ûndersyk fan de NOS ûnder 250 toskedokters-praktiken docht bliken dat sa'n 15 persint fan de toskedokters de tariven behoarlik ferhege hawwe.
Opmerklik is dat der yn Dokkum tusken twa toskedokterspraktiken grutte priisferskillen sitte. By praktyk De Woudvaart betelje jo foar it totale pakket dêr't de NOS nei sjoen hat 780 euro, en by syn buorman Ubbink 300 euro minder.