Fytster Burgum swierferwûne

Traumahelikopter © ANP Kippa
Yn Burgum is moandei in 78-jarige frou swierferwûne rekke. Se wie yn deTjalling Haismastrjitte fallen mei de fyts. Foarbygongers seagen it slachtoffer lizzen en joegen earste help.
Ferskate plysjes, personiel fan twa ambulânses en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins (UMCG). It ûngelok barde moandei oan 'e ein fan de moarn.