Frysk ite yn Den Haach

16 sep 2013 - 14:39

Sân bettere hotels en restaurants yn Den Haach gean oan de slach mei Fryske streekprodukten. Dat bart yn it ramt fan it Prinsjesfestival, dêr't dit jier Fryslân yn sintraal stiet. De restaurantkoks hawwe in masterclass krige fan Marc van Gulick fan restaurant Lauswolt yn Beetstersweach.

Sjefkok Dimitri Heinrichs fan it ferneamde Le Bistroquet is tige te sprekken oer de Fryske ingrediïnten, benammen oer de wâldbeantsjes. As de Fryske ingrediïnten deryn falle, giet Le Bistroquet dermei troch nei it Prinsjesfestival.

Foar moandei- en tiisdeitejûn binne der al aardich wat reservearrings by Le Bistroquet ynkaam. De 'Fryske Ambassade' serveart ek inkeld mar menu's mei Fryske bestândielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)