Untslaggen Sionsberg definityf

16 sep 2013 - 13:58

De reorganisaasje by sikehûs De Sionsberg en soarchgroep Pasana giet definityf troch. Der ferdwine 120 fulltime banen. De meiwurkers dy't ûntslein wurde krije dat persoanlik te hearren. De petearen binne moandei begûn en duorje oant en mei woansdei.

Neffens de Ried fan Bestjoer is de yngreep nedich fanwege de minne finansjele situaasje. It alternatyf wie slutin. Alle meiwurkers soene dan sûnder sosjaal plan dien krije. De ûndernimmingsried is akkoart gien, mar hat wol krityk op ûnderdielen fan it plan.Sa soe de wurkdruk no te heech wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)