Minder falliseminten Fryslân

finansjeel © Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne ferline jier relatyf minder minsken fallyt gien as yn de rest fan it lân. Op de 100.000 Friezen giene acht fallyt. Yn Oerisel wiene dat 38, dat skoarde dêrmei lanlik it heechst. Neffens it jier dêrfoar sakke it tal falliseminten fan natuerlike persoanen. Lanlik gie dat sifer mei twa persint omheech. As de bedriuwen meirekkene wurde, bleau lanlik it tal falliseminten gelyk.
Yn 2009 waard in rekôrtal falliseminten útsprutsen as gefolch fan de ekonomyske krisis, yn 2010 sakke dat sifer licht.
Yn Fryslân giene wat mear ûndernimmingen fallyt: 155 yn 2011, tsjin 132 yn 2010.