Beammefernielers Jistrum pakt

26 jan 2012 - 10:32

De plysje hat seis jongemannen oanhâlden dy't mei âld en nij sa'n hûndert beammen fernield ha by Jistrum. Njoggen esken en 90 jonge esdoarnbeammen waarden stikken skuord en op it âldjiersfjoer goaid. Nei ferklearrings fan tsjûgen kaam de plysje de groep op it spoar.

It giet om trije jonges út Jistrum fan 18, 17 en 22 jier en in 18-jierrige ynwenner fan Koatstertille. De gemeente Tytsjerksteradiel hat oanjefte dien. De skea is 14.000 euro. De jonges hawwe bekend en binne ree de skea te fergoedzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)