Groei foar Sligro Food

26 jan 2012 - 09:41

De winst fan gruthannelsorganisaasje Sligro Food is ferline jier groeid mei goed alve persint. Sligro hat yn Fryslân fêstigings yn Ljouwert en Drachten. De winst is mei 8 miljoen tanaam oant 78 miljoen euro. Sligro ferwachtet dat oar jier de marzjes yn de levensmiddelebransj noch fierder ûnder druk komme te stean.

De striid om de konsumintebesteging sil hurder wurde, tinkt Sligro, mar it bedriuw hat der fertrouwen yn dat it wer slagget de eigen posysje te fersterken.

Trefwurden: 
Sligro
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)