Ofspraken oer geweld Boalsert

25 jan 2012 - 20:54

Boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân wol bettere ôfspraken meitsje mei plysje en hoareka oer de oanpak fan geweld yn Boalsert. De ferskate partijen sille dêr ynkoarten oer prate. Neffens Apotheker lizze der no ek al ôfspraken, mar moatte dy oanskerpe wurde. Apotheker tinkt oan in swarte list. Dêrop komme minsken te stean dy't in skoft lang net yn ien of meardere hoarekasaken komme meie. Ek moat de gearwurking tusken plysje en hoareka better.

Oanlieding foar it petear is de mishanneling fan plysjes ôfrûne wykein yn Boalsert. By in massale fjochtpartij binne plysjes skopt en slein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)