Pluk de Stad yn Ljouwert

25 jan 2012 - 15:12

Yn Ljouwert steane fruitbeammen dêr't minsken yn de hjerst fergees fruit fan plukke kinne. It inisjatyf foar de nije fruitrûte komt fan Pluk de Stad. De beammen steane by de Potmarge. Net folle minsken witte dat. Der is no yn kaart brocht wat der oan fergees iten te plukken is. De kaart kin online besjoen wurde fia smartphones. Der komme ek noch ynformaasjebuorden te stean. Mei mobile tillefoans kin in speurtocht dien wurde.

Ljouwert is nei Utert de twadde stêd dy't meidocht oan Pluk de Stad, úteinlik moat in inisjatyf yn hiel Nederlân neifolging krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)