Skoalle dochs net de bêste

16 sep 2013 - 11:59

Iepenbiere basisskoalle De Twilling fan Stiens is dochs net de bêste basisskoalle fan Nederlân. Neffens in ûndersyk fan RTL stiene se op it earste plak. Dat resultaat wie basearre op de Citotoets en eintoetsen. Mar dy toetsen binne op de skoalle hielendal net hâlden. Nei in telefoantsje fan de direkteur mei RTL Nieuws is de skoalle fan de list helle.

Ut ferskate hoeken kaam krityk op it ûndersyk dat de skoallen ferliket op basis fan in rapportsifer. Dat is opboud út toetsresultaten en omjouwingsfaktoaren, lykas skoaldiploma's fan de âlden.

Sa skoarden guon skoallen dy't by de ynspeksje as min út de bus kamen, yn it RTL-ûndersyk goed, mar ek oarsom. In oar punt fan krityk is dat in rapportsifer sûnder kontekst net folle seit en dat âlden dêr te folle wearde oan hechtsje by de kar fan skoalle.

By De Twilling yn Stiens wie der moandei wol gebak om't se fine dat se dochs in hiel goede skoalle binne.

Trefwurden: 
Stiens twilling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)