Himpkwekerij Snits ûntmantele

Himp © ANP
De plysje hat yn in ûndersyk nei it kweken fan hennep trije Friezen oppakt. It giet om in ynwenner fan Harns (25) en twa fan Boalsert (29 en 32). De plysje kaam har op it spoar nei in tip, dat se in kwekerij hawwe soene oan de Koperslagerstraat yn Snits. Dêr hat de plysje woansdei 700 planten fûn. Dy binne yn beslach naam en de apparatuer is ferneatige. By de oanhâlding fûn de plysje by ien fan de trije fertochten in fjoerwapen, ek dat is yn beslach naam. Alle trije sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.