Trein stie stil om steuring
De treinen fan Arriva tusken Ljouwert en Snits en Ljouwert en Harns stiene woansdei tusken de middei in skoft stil. Der wie in steuring yn de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal. Reizgers moatte noch wol rekken hâlde mei fertraging. It treinferkear komt stadichoan wer op gong.