Wol turborotonde Europaplein

25 jan 2012 - 11:43

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hâlde fêst oan de rekonstruksje fan it Europaplein. De gemeenteried en omwenners wiene kritysk oer de plannen foar de 12 miljoen euro kostende werynrjochting. Der wurde fraachtekens set by de needsaak fan de oanpassings. Yn it foarstel oan de gemeenteried foar de byienkomst fan 30 jannewaris komt it kolleezje dochs wer mei it foarstel fan in turborotonde mei twa fytstunnels. Dy soe der komme moatte fuort nei de oanlis fan de Heak om Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)