Wurk hotelkraan leit op skema

16 sep 2013 - 10:42
  • Kraan wurdt ta hotel ferboud

It wurk oan de Amsterdamske NDSM-kraan by skipswerf Talsma yn Frjentsjer leit op skema. Dat seit eigener Jelle Talsma fan de werf. De kraan is yn augustus nei Frjentsjer ta helle om der in hotel fan te meitsjen, kompleet mei in jacuzzi boppe-yn.

De eardere werfkraan út Amsterdam is in Ryksmonumint. Dêrom it de ferbouwing wol oan betingsten bûn. Sa wurde de hotelkeamers deryn boud en bliuwt de bûtenkant itselde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)