De Jong vice-wrâldkampioen

15 sep 2013 - 17:39

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk is snein yn it Frânske Morizes twadde wurden yn it einklassemint fan de wrâldbeker langbaan. De wrâldtitel gong opnij nei de Fin Joonas Kylmäkorpi, dy't net mear yn te heljen wie troch de konkurrinsje. Ferdield oer twa dagen fanwege it minne waar waard dit wykein de lêste WK-wedstriid ferriden. De Jong ried net syn bêste wedstriid en sammele inkeld 9 punten byinoar. Dat wie lykwols genôch om de nûmer trije Richard Hall út Ingelân efter him te hâlden.

Theo Pijper pakte in tredde plak yn de finale fan de lêste wedstriid. De winst waard in proai foar de Frânsman Stephane Tresarrieu. It sulver wie foar syn broer Mathieu. Dirk Fabriek einige as fjirde en moast yn in spesjale run-off mei Stephane Tresarrieu útmeitsje wa fan beide it 10e plak yn it einklassemint krige. De run-off waard wûn troch Fabriek, dy't dêrmei wis is dat er takom jier wer útkomme sil op it heechste nivo.

Theo Pijper kin him takom snein yn it Dútske Mühldorf ek noch kwalifisearje foar de WK searje fan 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)