Earste ferlies foar De Hoeve

15 sep 2013 - 17:10
  • Kuorbal

Debutant De Hoeve rûn snein yn de haadklasse tsjin it earste ferlies oan. Yn Reduzum waard mei 16-12 ferlern fan Mid-Fryslân. Yn de earste helte pakte de debutant brutaal de lieding, mar seach Mid-Fryslân foar rêst wer op likense hichte komnen: 7-7. Nei rêst kaam de ploech fan trainer Sake Koelma noch ien kear op foarsprong, wêrnei't se it inisjatyf lieten oan Mid-Fryslân. Sietske Hoekstra naam har team op sleeptou mei 5 goals yn de twadde helte.

LDODK gie mei 18-15 ûnderút tsjin Ons Eibernest. SCO rêde it net op tsjin Wageningen: 17-15.

Yn de haadklasse A binne no fjouwer koprinners mei 4 punten: Groen Geel, HKV / Ons Eibernest, Mid-Fryslân en De Hoeve. LDODK fine we werom op plak 6 mei 2 punten. SCO stiet ûnderoan mei 0 punten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)