Fryske Ambassade iepene

15 sep 2013 - 16:36

Steatssekretaris Klijnsma hat snein yn Den Haag de 'Fryske Ambassade' iepene. Se krige fan kommissaris Jorritsma de 'geloofsbrieven' . Dêrnei waard in pompeblêdfoarmige oranjekoeke oansnijd en spile Advendo it Frysk Folksliet. Sjoernalist Frits Wester, âld-politikus Jack de Vries en boargemaster fan Enschede en âld-Ljouwerter Peter den Oudsten wiene derby. De Fryske Ambassade sit njonken de Kanadeeske.

In wike lang prinstearret Fryslân him op allehanne mêden yn Den Haag, lykas bygelyks de suvelsektor. Freed is de beurs Smûk en Smikkel.

Trefwurden: 
Den Haag Fryske ambassade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)