Hearrenfean is Grins de baas

SC Hearrenfean hat snein mei 4-2 wûn fan FC Grins. Yn it Abe Lenstrastadion moast Grins al betiid mei tsien man fierder nei read foar Timo Letschert. Dyselde kleur krige ek Mitchell Dijks, wêrnei't Grins boppedat fanôf de 11 meter foar de 1-0 tekene.
Yanic Wildschut soarge nei rêst foar de lykmakker, wêrnei't Kenny Otigba syn earste treffer yn it pompeblêdeshirt makke. De Grinzer lykmakker broch de spanning werom. Yn in spannende slotfaze soarge Alfred Finnbogason mei in strafskop foar ferromming. Yn ekstra tiid skoarde de spits opnij.
In wichtige rol wie der ek weilein foar reservekeeper Brian Vandenbussche, dy't sûnt lang wer ris ûnder de latte stie as ferfanger fan de siike Kristoffer Nordfeldt.