Twa oanhâldings yn Dokkum

Plysje-embleem © ANP
In ynwenner fan de gemeente Dantumadiel (21) is sneon yn Dokkum oanhâlden, omdat er in rút ynsmiten hie fan in kafee oan de Merk. Nei de fernieling naaide de man út. De plysje hat him in strjitte fierderop oanhâlden.
Dyselde nacht binne yn Dokkum ek noch in man (46) en in frou (39) oanhâlden. In befeiliger seach dat se by in kafee yn de Bûterstrjitte in reklameboerd meinamen. Tsjin beiden in proses-ferbaal opmakke. De kafeebaas hat it boerd ûnderwilens weromkrige.