Ambassade is der klear foar

15 sep 2013 - 12:52
  • Ambassade fan Fryslân yn Den Haag

Yn Den Haach wurdt sneintemiddei de 'Fryske Ambassade' offisjeel iepene. Dy sit oan de Sophialeane yn Den Haach, midden yn de ambassadewyk. It giet om in tydlike situaasje, fanwege it Prinsjesfestival, de kommende wike.

It Prinsjesfestival is in nij inisjatyf om de demokrasy te fieren. Alle kearen regelet in provinsje de feestlikheden. Fryslân is as earste oan bar mei de organisaasje fan tal fan aktiviteiten, lykas debat, kabaret en lêzings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)