Dronken brommerrider oppakt

15 sep 2013 - 11:14

Yn Ljouwert is sneontemoarn in 35-jierrige man út de stêd oanhâlden, omdat der mei tefolle drank op op syn brommer ried. De man wie op de Pasteurwei mei de brommer tsjin in auto fallen, dy't dêrtroch skea oprûn. De Ljouwerter ried dêrnei fierder. Trochdat minsken it foarfal melden by de plysje, koe dy him koart dêrnei oanhâlde. Ut in blaastest die bliken dat er mear as fjouwer kear safolle dronken hie as at tastien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)