Hurdfytsrekôr no wol slagge

15 sep 2013 - 08:47
  • De rekôrpoging op de sneldyk tusken Frjentsjer en Dronryp.

De fyts dêr't earder yn Fryslân besocht is om snelheidsrekôrs mei te brekken, hat yn Nevada it wrâldrekôr ferbrutsen. Studinten fan de Technyske universiteit yn Delft en de Vrije Universiteit fan Amsterdam besochten yn july op de grutte dyk tusken Frjentsjer en Dronryp in snelheid fan boppe de hûndert kilometer te heljen mei in spesjaal ûntwikkele aerodinamyske lisfyts. Dat slagge doe net, foaral fanwege de tsjinwyn.

Studint Sebastiaan Bowier hat no yn de woastinne fan de Amerikaanse staat Nevada wol in rekôr ferbrutsen.

Hij helle 133, 78 kilometer yn de oere. It âlde rekôr wie 133,3 kilomter yn de oere en stie op namme fan in Kanadees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)