Slim ûngelok op It Hearrenfean

Ambulânses by it plak fan it ûngelok op De Zanden © Dennis Stoelwinder
By in ûngelok op De Zanden op It Hearrenfean is sneon oan de ein fan de middei in autobestjoerder slim ferwûne rekke. It slachtoffer botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam. De ambulânse en ek de traumahelikopter waarden oproppen om help te jaan. De dyk waard ôfsletten.
It slachtoffer is nei sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean brocht.