Monuminten Ljouwert: 2.000 man

Portret Saskia Uylenburg
De spesjale edysje yn Ljouwert fan de Iepen Monumintedei hat sneon mear as twatûzen besikers lutsen. Ljouwert sleat him net oan bij it lanlike tema fan it Iepen Monumintewykein, mar kiest altiten in eigenien. Dit jier wie dat Ljouwert yn de Gouden Ieu. Minsken koene in rûte rinne by histoaryske panden del, dy't spesjaal iepensteld wiene.
Ien fan dy gebouwen wie it bertehûs fan Saskia van Uylenburgh, de frou fan Rembrandt, dêr hjoeddedei advokatekantoar Anker en Anker ynsit. Undanks it reinige waar wie it op de lokaasjes behoarlik drok.