Twadde winst op rige Harkiten

14 sep 2013 - 16:37
  • Willem Brouwer

Haadklasser Harkemase Boys hat de goede seizoensstart foarige wike trochlûke kind mei in 2-0 oerwinning op Staphorst. Yn Staphorst sette de ploech fan Willem Brouwer skerp útein wat resultearre yn twa goede kânsen foar Johnsen Bacuna. Ek Heine Uuldriks wie tichtby de iepeningstreffer.

Nei rêst ferraste Bacuna de Staphorster keeper mei in pleatst skot yn 'e lange hoeke en sette nei 68 minuten de 1-0 op it boerd. Fuort dernei soarge âld-Harkyt Ewald Koster mei in eigen doelpunt foar de einstân. De Harkiten ha no 6 punten út 2 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)