Opnij ferlies Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon op eigen fjild mei 2-0 ferlern fan Genemuiden. De ploech fan Fred de Boer kaam betiid yn de wedstriid op efterstân. Fuort dêrnei krigen de Drachtster folop kânsen, mar de lykmakker bleau út. Twa kear giel foar middenfjilder Aziz Geyik soarge dat de Boys mei 10 man fierder moasten. Itselde oerkaam Regilio Holder, wêrnei't de thúsploech noch 9 spilers oerhold.
Nettsjinsteande de man-minder-sitewaasje wisten de Boys harren nei rêst goed steande te hâlden. Yn blessueretiid foel dan úteinlik dochs noch de 2-0.
Nei twa wedstriden stiet debutant Drachtster Boys noch altyd op nul punten yn de haadklasse. Ferline wike waard mei 3-2 ferlern fan SVZW.