Jubileum-keatsen ûnder Aldehou

14 sep 2013 - 13:33

It 100-jierrich bestean fan de Oldehove keatspartij yn Ljouwert wurdt sneon fiert ûnder de Aldehou sels. De minsken fan de Ljouwerter keatsklup Sonnenborgh hawwe fannewike gers lein op it dak fan de ûndergrûnse parkeargaraazje. It gers wurdt nei it keatsen wer opromme.

Mar foardat de gersmatte fuorthelle wurdt, wurdt der snein mooglik ek noch op fuotballe. By winst fan Cambuur sneontejûn op Heracles sille de spilers der sneintemoarn traine. De training is iepen foar publyk.

Yn de earste omloop fan de 100-jierrige Oldehove keatspartij wûn it favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Marten Feenstra en Daniël Iseger fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Peter de Boer. Winst wie der ek foar Jan-Dirk de Groot, Hendrik Bouwhuis en Hendrik Kootstra, dy't te sterk wienen foar Hendrik Tolsma, Hyltsje Bosma en Hylke Bruinsma.

Enno Kingma, Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong stjoerden Bauke Triemstra, Folkert van der Wei en Patrick Scheepstra nei hûs. Ek Pieter Bakker, Taeke Triemstra en Pier Piersma binne troch nei de twadde omloop nei winst op Johan van der Meulen, Herman Sprik en Jan Schurer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)