Orca swimt wer yn 'De Inktpot'

14 sep 2013 - 13:27

Swimferiening Orca yn Ljouwert fiert dit jier har 50-jierrich bestean. In groep wetterpoloërs hâldt dêrom sneon in swim- en wetterpolotoernoai op it plak fan de Inktpot. Dit is in histoarysk swimplak by de Prinsetún. Der wurde wetterpolowedstriden hâlden en der is in wedstryd oer 1500 meter.

Fanwege de temperatuer fan it wetter meie bern ûnder de 10 jier net meidwaan, om't dy it oars te kâld krije kinne.

Trefwurden: 
Prinsetún Orca Inktpot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)