Van der Zwan iepenet moskee

14 sep 2013 - 12:39
  • De iepening fan moskee El Fath op It Hearrenfean
  • Foar de genoadigden wiene der hapkes

Op It Hearrenfean is sneontemoarn de nije moskee fan de Marokkaansk-islamytyske feriening iepene. It giet om in âld skoalgebou, dat yn in goed jier tiid hielendal ferboud is. Foar tsientallen omwenners en moskeebesikers wie it dan ek grut feest.

De iepening fan it nije gebou waard dien troch boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. Mei-ïnoar hat de Marokkaansk-islamityske feriening sa'n trijehûndert leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)