Bytsje folk nei festival Skier

Skiermûntseach © ANP XTRA
Foar it Wad en design festival op Skiermûntseach binne oant no ta noch mar twahûndert kaarten ferkocht. De organisaasje hat 800 besikers nedich om út de kosten te kommen. It festival begjint sneon en duorret oant nije wike snein. Sintraal steane keunst, ûntwerp en moade.
Ferskate ûntwerpers komme mei har wurk nei it eilân om dat sjen te litten. Foar it Wad en design festival binne ek gebouwen iepensteld, dêr't it publyk oars net komme mei.