Epke Zonderland yn finale

13 sep 2013 - 19:50
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland hat him freed by de World Challenge Cup yn Kroäsië pleatst foar de finale op rek en brêge. Neffens Zonderland wie it dreech, sa lit er op twitter witte. Moarn is in rêstdei en hy hopet snein by de finales wat fitter te wêzen. De wedstryd yn Osijek is de lêste serieuze wedstryd foar it WK yn Antwerpen. Dat is fan 30 septimber o/m 6 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)