Hearrenfean fit tsjin FC Grins

SC Hearrenfean-trainer Marco van Basten kin snein tsjin FC Grins beskikke oer in folslein fitte seleksje. Alfred Finnbogason en Marten de Roon, dy't de lêste wedstriid tsjin FC Twente sjitte litte moasten, binne wer hersteld fan harren blessuere.
Dat betsjut dat Van Basten benammen op it middenfjild foar in lestige kar stiet. 'Het is een luxeprobleem, maar ik heb nog twee dagen om daar over na te denken', seit de trainer. De kâns is grut dat nijelingen Uche Nwofor, Joeri de Kamps en Stefano Marzo fuort by de seleksje sitte.