VVD-fragen werf Oasingahuzen

12 sep 2013 - 22:10

De steatefraksje fan de VVD wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte hoe't it sit mei de problemen by de skipswerf fan Oasingahuzen. De werf krijt mooglik gjin nije fergunning, omdat de werf tefolle leven makket.

De VVD wol witte oft de provinsje eventueel ôfwike kin fan de noarmen om de wurkgelegenheid fan dizze sektor oerein te hâlden. De VVD freget him ek ôf oft der yn de regio gjin oare mooglikheden binne om de werf te festigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)