Protest Wânswert tsjin dyk

12 sep 2013 - 20:38
  • De ynwenners fan Wânswert wolle in feiliger dyk
  • De trochgeande dyk troch Wânswert.
  • De trochgeande dyk yn Wânswert.

Wânswert hat tongersdeitejûn by de gemeenteried fan Ferwerderadiel manmachtich aksje fierd foar in bettere ferkearsfeiligens yn it doarp. Goed 40 doarpsbewenners sieten mei spandoeken yn de seal. Se meitsje har bot soargen om de trochgeande dyk troch Wânswert. Der giet in protte ferkear del en dat soarget foar in soad gefaarlike sitewaasjes.

De gemeente hat ûndersyk dwaan litten nei oplossings en de resultaten dêrfan waarden presentearre. In rûnwei is de beste oplossing, mar de fraach is oft dêr jild foar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)