Rûntsje om Lauwersmar ûnwis

12 sep 2013 - 20:04

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat de provinsje der alles oan dwaan sil om de oanlis fan it Rûntsje Lauwersmar te realisearjen. Se hat it kolleezje fan Deputearre Steaten hjir fragen oer steld. It projekt dat goed 3 miljoen euro kostje moat stiet faai, omdat de gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân harren bydrage net opbringe kinne.

De ChristenUnie wol dat de provinsje de gemeenten helpt om it toch foar elkoar te krijen.

De provinsjes Fryslân en Grins betelje it grutste part fan de kosten en der wurdt foar in goed miljoen in berop dien op it Waadfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)