Boek oer de famylje Liauckema

Der is in boek makke oer de skiednis fan de famylje Liauckema út Seisbierrum. Dat boek is tongersdei presintearre op Liauckema State. Fan de state binne allinnich noch in pear moaie singels en in âlde poarte te finen. Ea wenne op dit plak ien fan de machtichste famyljes fan Noardwest-Fryslân. In posysje dy't se kwytrekken nei de opstân yn de lege lannen.
De Liauckema's keazen foar de Spanjerts. Dat waard harren net yn tank ôfnaam.